IS IT WOL GRUT? IS IT DJIP WEIKOMD?

IS IT WOL GRUT? IS IT DJIP WEIKOMD?
 
It is net grutter as Fryslân en it komt net djipper wei as in laits
     dy’t effen oer it wêzen strykt,
Of in trien dy’t sa mar yn it each opkomt;
It is it sweven fan in flinter, it is berneboartsjen,
It is it kleurich byld fan in kykkas, it sjongende lûd fan in liere.
 
Rilke hat it as er ‘Ich bin so jung’ sjongt
En Albert Verwey as eat fan de ‘Schone schijn’ him yn ‘e
     eagen blinkt;
En in oare dichter hat it as er de see fan it lân wit
En de ivichheid fan it eagenblik.
 
No is it noch winter;
Yn it wetter fan de folle sleatten spegelt him de himmel,
Mar earstdeis is it foarjier; dan komt it libben ta de grûn út,
De doarren stean iepen, de lije wyn giet om it hûs;
O, it lok dêr’t ik dizze simmer nei út gean wol!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *