IPE DOUWE’ SOAN

IPE DOUWE’ SOAN

Kom mei my, Douwe’ soan, op hege dyk,
Dêr leit oan wjerside út in machtich ryk,
De see, it lân; sjoch do en doch dyn kar:
Te board de weagen oer of fêst op it âlde war.
 
In boerefolk, sa sizz’ hja, Ipe, dij;
Mar dy’t de terp opsmiet, hie ek de seeën frij.
Sa ek in farjensfolk op weach belust,
Ald Starum wit it en de westerkust.
 
Sjoch net op my; ik bin net sterk en grut,
De ierde nei, fan hiemske boeresteat.
Dochs haw ik each foar see en frije wyn,
En smert om lytsens kurf syn marken yn.
 
Sa haw ik, Ipe Douwe’ soan myn maat,
Ta eachweid dy hjir op it heech beskaat;
De see rûz’t oan, dyn heite fjild is goed,
– Mar mear as ’t stee is libben en is moed.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *