IN STED

IN STED

by in print
 
In lytse stêd mei bolwurk en mei grêft,
Dy’t breed him opjout boppe it sljochte lân;
Foar ’t boerefolk it stee fan jild en macht,
En rjocht en wet haww’ hjir har gearsit hân.
 
De boerebern haww’ dêr har wûnders sjoen,
Dêr kamen alle bûnte skatten wei;
Dêr hinne gong har feestelike tocht:
Wie’t dêr wol oars as iv’ge merkedei?
 
Us jonge tiid wie Dokkum net sa nei;
By ús op ’t hiem wie Frjentsjer fierste sicht;
Boalsert wie grut en op ’e hege dyk
Kaam Harns ús oan as machtich heldedicht.
 
Mar letter haw ik ek dat stedsje sjoen,
En mear as ien ferhaal hat my der brocht:
Ypeus wie dêr thús en ’t Heechhôffolk
Hat yn stêds ban syn fleur’ge útgong socht.
 
En no dit byld: in seishoek ’t fêste plan;
Ien side hjir, in mole op elts ein.
– Ald skipper wol it oan de súdkant ha,
Wer komt er mei syn boat dy grêft lâns tein.
 
En lang net sûnder rom dy âlde stêd;
Dêr wennen moed en krêft oan ’e iepen Ie!
Mar noch binn’ trêften oer foar nij ûntjaan
En mear as oantins is de libb’ne die.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *