IN SJONGER FAN ’T FERLINE

IN SJONGER FAN ’T FERLINE

 
In sjonger fan ’t ferline? Mei syn hert
By wat ferstoar; ôfwêzich; dy net fielt
Nijlibbens mjittegong, net wit
It blanke ljocht, dat fan ’e kimen striel’t?
 
In sjonger fan ’t ferline. – ’t Heucht my noch
Hoe’t ik as bern beseach it boek fan ’t heech geslacht,
De foarsten fan Nassau, de skiednis lâns;
De printen wûndermoai fan kleur’ge pracht.
 
Ik seach de riddertiid; de seal yn bûnte pronk;
De jacht; de kriich: ien man in leger lyk,
En as syn plumen dûke yn ’e striid,
It blinkend harnas falt, dan falt in ryk.
 
Hoe naam my mei de striid tsjin Spanjes twang;
Oranje yn ’e rie, graaf Adolf bleaun
Yn Fryslâns slach; Nieuwpoort, Den Bosch;
Op ’t ein ’t geweld fan ’t lege lân ferdreaun.
 
En mannich âld ferhaal en mannich byld
Naam nei in fiere tiid of streek my mei;
En ’t wie net âld, mar jimmer frjemd en nij
Wat yn in ljochte rûnte om my hinne lei.
 
De wrâld in wûndertún; in blanke wei
Giet himmelop; as drôge kliuwt,
Wa hat de nea betochte wûnders eand
Fan ’t hege berchlân wêr’t de sinne bliuwt?
 
En no – in stille dei – it âlde komt,
De blide bylden rize; gouden skyn
Falt troch ’e poarte: iv’ge jonkheids glâns –
It herte dreamt syn dream fan lang ferlyn.
 
Weemoedich swiet: ta teare sêftens keard
Wat libbe yn krêft – en sa ’t ferline wûn;
It doe mei al syn jonge maten yn ’e ring
En yn it no ta suv’re skiente bûn.
 
O poezije’ siel en djipste boarn’:
It doe yn ’t hjoed wer wûn; ta skiente brocht
Wat net as libben wie! Wa klaget dan
Om wat fergong? It stiet yn heger ljocht!
 
Sa sjonge wy ’t ferline, net omdat
It skien en goed is boppe hjoed en moarn,
Mar om’t it uzes is, ús hiem en wrâld, –
Want leavje kinn’ wy net as eigen grûn.
 
En as de dichter oer de skied fan ’t hjoed,
In prester, giet foarseine kriten yn –
O, al de leave sjammen bliuw’ him by
Fan ’t eigen âlde lân fan lang ferlyn.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *