IN NIJE TIID

IN NIJE TIID

Tsjalling fan der Fear is alhiel in Amerikaan wurden.
Tegearre mei syn broer Piter hat er no 1000 kij; mar lân
     hawwe hja net.
Dy kij hâlde ta, yn 2 keppels fan 500, op in keale lape grûn
     dêr’t gjin spruseltsje gers op te sjen is.
 
Foar dy kij keapje hja foer, dat hja bûten by it sket lâns
     delstruie sa dat de bisten der troch de itensgatten by kinne.
Mar dat fuorjen mei net barre minder as 4 oeren foar it
melken,
     oars koe it wêze dat de molke nei it foer smakke;
En de Amerikanen binne, datoangeande, o sa keken. En alles
     fansels mei de masine.
 
Dat lies ik allegear yn in stikje yn de SneonSneinskrante,
     en it griisde my oan.
En ìk dan dy’t it lân net koe as er it gers net libben yn
     ’e hannen fielde!
Dy’t net bûten de stêd wêze kin as it fjild dêr sa toar en deadsk
     hinne leit;
Dy’t dichtsje moast, as de oere der wie, fan syn lân dat bloeide
     en fan alles dat dêr ta berte en stjerren kaam.
It moat in oaren ien wêze as ik, dy’t fan sa’n libben fabryk
     sjonge kin.
Ik haw myn Amerikaanske dichters ris oerskôge, mar nèt ien
     fûn dy’t ik dêr op oansjen koe.
Wy moatte tinke oan Sina, dêr’t hja de minsken ek út har
     libbenssteat weihelje,
En, om mear bewrotte te kinnen, yn ‘kommunes’
     byinoar bringe.
De froulju arbeidzje mei: it foer foar de keppel sil ek fan bûten
     oanfierd wurde moatte.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *