IN HUS

IN HUS

 
Ik sjoch in hûs; de finsterrige stiet
Yn prinslik ljocht; in blide dream
Leit oer it hôf; dêr bloeit de daaljeblom
En – in âldfader – stiet der d’ eskenbeam.
 
’t Each giet de keamer rûn, by ’t bedskut lâns,
It kammenet, de glêde reade flier.
Gestalten bûg’ har del en rize op,
De mem, de heit, de berne jonge tier.
 
’t Is net myn eigen, ’t is alFryslâns erf;
My is it jûn dat ik it tekenje soe.
En jimmer wer nim ’k op de barm myn stee
En sjoch it oan oft ik it winne koe.
 
Ienkear, wa wit, as alles mei my wie,
Ek wat ik no net neame doar,
Miskien dat my genede joech
It dreamebyld dat net ferstoar.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *