IN HJERSTDEI

De skippen sile oer ’e blauwe see,
Har freon, de westewyn, bringt har te stee;
De hele kloft set op it suden ta,
De blanke seilen bolje en lûke sa.

It wetter weag’t him op en jout him yn
En dûnset yn ’e kleare sinneskyn;
De weagen komme en batskje tsjin it haad,
De skippen geane stil har gledde paad.

De gânzen sjonge fan ’e waard har liet,
In sang fan mannich dei, dy’t net fergiet;
De fiere himmel striel’t fan sulv’ren ljocht:
De hjerst hat hjoed syn moaiste jefte brocht!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *