IN FRYSK LIET

IN FRYSK LIET

Ik bin fan ’t frije Fryske bloed,
In soan fan Fryske grûn,
Bin oan dat lân, yn lok, yn noed,
Troch trouwe leafde bûn.
 
En ’k min syn taal mei hiel myn hert,
De taal fan pake en heit,
Om t’ uterjen yn wille en smert
Wat op it hert my leit.
 
’k Hab leaf dy greiden, Fryslâns rom,
Sa moai yn foarjierstiid;
Dêr socht ik d’ earste pinksterblom,
Dêr boarte ik, bern, sa bliid.
 
’k Hab leaf dy famkes, gol en blier,
Mei eagen blau en klear,
Mei roazewangen, gouden hier:
Sa binn’ s’ er nearne mear.
 
Ik hâld fan d’ âlde eable sin
Fan foarfaars dreech en stoer,
Ik hab ek noch har frijdomsmin,
En dy jou ik net oer.
 
Ik bin fan ’t frije Fryske bloed
En sjong it Fryske liet;
Oan al myn lânslju rop ik lûd:
Bliuw Fries yn wurd en died.
O.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *