IK TINK OAN DY WEI

Ik tink oan dy wei troch it blommige lân,
Wêr de wite klimmerplant bloeit,
Nei it doarp mei syn lytse tuorkespits
En syn pleatsen yn ’t beamt’ begroeid.

Hoe nij en hoe rom dy jongeswrâld!
En hy plôke it wite blomt’,
En sei syn wurden yn ’e âlde taal,
Wêrtroch men ta wiisheid komt.

O jonge niget fan trettjin jier!
Foar dy is de wiisheid net eang,
Hja laket sa wyt en rint om dy ta
En jout dy eltse ding.

Mar letter, myn boike, dan wurdt it oars,
Dan komste har net mear benei,
Hja wurdt sa skruten, al mienst it sa,
En swalkest en krûpste har nei.

En ik tink oan dy wei troch it blommige lân
En glimkje om bernedream;
Och minskewrâld komt en wurdt wer wei
As tearen fan in stream.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *