IK GARJE FOAR DY

IK GARJE FOAR DY

 
Ik garje foar dy, myn âld kammeraat,
Do heuker fan aldendei!
Ik set foar dy del al it bûnte spul;
Dat der dy wat fan haagje mei!
 
Hjir by my komme rju wegen gear,
Har winend troch ’t bloeiende lân;
Yn ljochte slingers komt op my ta
It fammefolk hânbyhân.
 
Yn ’e sljochte greide, ferwielbegroeid,
De feinten stean yn ’t partoer;
Hja driuwe de bal mei linige slach
It romme striidpark oer.
 
Of noeget dy mear it âlde wurk,
Sa as it my, dreamend, wonk?
By de kij yn ’e jister yn ’t beammeskaad,
As it speet yn ’e amer klonk?
 
Of de lange reakken yn ’t haaierslân
     – As in rige fan wenten oer ’t gea –
De sinne, de swietrook, it fleurige folk,
En, noflik, de rêst yn it hea?
 
Ast mei my komste hjir op ’e dyk
Dan lit ik dy alles sjen;
En, nuver, it is fan dyn eigen reau,
As nij wat gong ferlern.
 
Sjoch leit dêr yn see – in swarte skym –
Dyn eigen âld boat net by ’t haad?
En rûksto it wier en de taanlucht net,
En hearsto net de waard?
 
Is dat net de pleats wêrste wente hiest,
En mâlfarrest mear as soe?
O brûzende, skomjende jonge krêft,
Hoe ’t ek it brykste koe!
 
Bist hjir net ris frjemd de dyk lâns syld
Nei dyn plak, mei de kiste op ’e wein?
Bist dêr net ris, mei de fûsten foarút
As in wyld by de muorre op flein?
 
No biste aardich betommele feint;
Do stieste mar stil te sjen;
Do lakest net, do flokste net,
En litste my mar betsjen.
 
*
 
Kom wy geane hjir wei – it stik is út;
Mar wer nei boddersstee!
Wy meitsje beide ús plak noch wol skjin,
Hawar dan, de beage leit ree!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *