IK DREAMDE MY

IK DREAMDE MY

 
Ik dreamde my in lân,
Dat wiid him iependocht yn skienste priel;
It leit sa ryk en bliid yn ’t hege ljocht
En ’t hat gjin ein as dêr ’t de himmel met.
 
De sjongers doarmje oer ’t fjild,
En troch de wulven klinkt al ierde’ rom.
Op blanke tsjilken trillet dauwedrip,
Ut tûzen alters stiicht de wijreek op.
 
Ik dreamde my in folts,
In lokkich folts fan âld en krêftich skaai,
As hear fan ’t lân; har rêstich, fêst bestean
Ferlangt net wat net sil; en eanget net.
 
Har wêzen hat de gloed
Fan ’t moarntiidsrea; it manfolk heech en sterk
Naam ’t elemint syn krêft, twong d’ ierd’ ta bloei
En brocht yn will’ge tsjinst al ’t frije dier,
 
De fammen, gol en sêft,
Drag’ from en trou har wûnd’re jeften oan;
Gjin earme lijen brekt it suver bûn
Oant dat – op tiid – it grutte rêsten komt.
 
In dichter dreamd’ ik my
Dy lân en folts besong, sa fêst en heech
As ea oer ’e ierde klonk. Wa seach
Syn eigen folts sa hearlik en sa grut?
 
Him draacht har trouwe krêft;
Hy sjongt fan died en dream, fan lok en ûnk,
Mar lok en libben meast: yn macht’ge stream
Wat fan ’e tiid is rint nei d’ iv’ge see!
 
Sa dreamd’ ik my.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *