IERDEREIS

IERDEREIS

O heit en mem, de reis is net ferlern;
Ik haw myn part wol hân fan leaflik’ ierd’,
Fan ljochte wolkens op har suver paad,
Fan sêft ferweegjen fan it speg’ljend wiet.
 
Jimm’ haww’ my jûn fan eigen goed bestean,
Sa hie ik rjochtlik plak yn opgongs tiid;
In bern dat oefte naam út eltse tsjilk
En ta al libbens bûnte driuwen bliid.
 
Soms tink ik wol: dat is net heite styl;
Dat is net memme leafdekleare dwaan;
Mar ta de stam kaam fierste libbensdrift
En eltse ljochte knop hat nij ûntjaan.
 
Wat op him sels, mar net ôfwêzich dochs;
In libben minske mear as man of frou;
Foar alles iepen: fan de geast berierd,
Mar djip yn ’t earste ierdsk begearen trou.
 
No is ’t safier, it lichem is betard,
De siele hat net ’t âld fermogen mear;
En wat der wêze moast freugd fan myn jeld,
Dat kin ik – ûnloks tiid – net reedzje nei begear.
 
De tiden binne grut fan moed en krêft,
Mar ek fan ramp en flok. Wat d’ ierde bûn
As elemint wurdt striel dy’t foltsen slacht.
Is dit it ein? Wa hoedet d’ âlde grûn?
 
De leaflikens fan ierde, loft en see
In dream, as oare, dichters tabetocht;
Of riist der noch, yn wramen sûnder ein,
De libb’ne siele eat fan duorjend ljocht?

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *