IEN LAN?

IEN LAN?

 
Der binne rju lannen dy’t ik mines neam,
Dêr’t ik swalke en my dellein ha;
In part, dat namme hawwe mei,
Fan it ierdryk bestrike hja.
 
Yn it iene haw ik myn sangen dreamd,
Om my hinne it ljochte gea;
In liddige ruter, in swervend man,
Dy’t fynt oan ’e wei syn brea.
 
Yn it oare haw ik de wiisheid socht
En reizge de skoallen ôf;
In jonge mûnts, gong ik op en del
Yn it koele kleasterhôf.
 
Mar ek haw ik west in arbeidersman,
Dy’t wrot foar syn bestean;
Deis jimmer wer yn ’t selde mêd,
En sneins it sober lean.
 
In sjonger, in siker, in bodder dan,
Mar ek in neaken bern,
In klompke libben dat wringt en rikt
Yn begearens twang ferlern.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *