IEN FOAR IEN

IEN FOAR IEN

Ien foar ien ferlitte myn freonen it doarp.
Earst driigje hja in deimannich, en gean noch ris de wegen
     fan har jonkheid,
Dan reizgje hja ôf foargoed.
Hja komme net werom; hoe soenen hja ek?
Hja gean faninoar en wurde oer wrâlden ferspraat.
Sa wurdt it doarp my in frjemd plak;
De huzen doar ik net mear yn ’e eagen sjen,
Kâld strykt de wyn om ’e hoeken.
 
Noch ien âld man bewarret al it libben;
Soms ferhellet er fan de fiten fan syn jeugd, fan de see en
     it romme fjild.
– Mei it âld minske hat er jong west. Jûns binne hja meiinoar
     de geafeart del riden;
Heech stie de moanne en donker lei it iis tusken de blanke wâlen.
 
Hy is noch sterk en in fêste húsman,
Mar as it lot it seit sil er syn hûs ferlitte;
Dan is it doarp útstoarn en allinne de skimen kinn’ ús tasprekke.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *