I TASTE A LIQUOR NEVER BREWED

I TASTE A LIQUOR NEVER BREWED

Ik priuw fan in drank as nea noch broud
Ut in skinkfet fan parlemoer,
En alle fetten op de Ryn
Bring’ net sok edels oer.
 
Dronken fan de loft bin ik
En benevele fan de dau;
Waggeljend troch simmer sûnder ein,
Ut herbergen fan ’t suverst blau.
 
As de hospes set de dronken bij
By it fingerhoedskrûd bûtendoar,
As de flinters litte har sûpke stean,
Dan drink ik just as gjin oar.
 
Oant serafinen swaaie har hoed
En hill’gen nei ’t finster gean
Om nei de lytse pimpeler te sjen,
Tsjin ’e sinne oan om rjocht te stean.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *