I HAVEN’T TOLD MY GARDEN YET

I HAVEN’T TOLD MY GARDEN YET

Ik haw it de tún noch net ferteld
’t Die my tefolle oan;
En ’k haw ek net de krêft opbrocht
En sis it de bijen oan.
 
Ik sil it net bringe de strjitte lâns:
Hja kamen net út ’e rie
Hoe’t ik, sa skou en ûnbeleard,
Moed om te stjerren hie.
 
It moat net nei de heuvelkant,
– Dêr hie ik myn útflecht sa;
En it bosk dat ’k leaf hie moat ek net
Fan myn fuortgean witten ha.
 
By de tafel it net te lústerjen,
Gjin wink te jaan sa los wei
Dat ik by it Riedsel komme sil
Noch dizze selde dei.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *