HOUSTER HERNE

O boartersplak yn blide bernedagen,
Do herne oan ’e igge fan ’e see,
Wat lok wâl’t op yn ’t swiet tebinnenbringen
Fan ’t nochlik boartsjen op dyn fredich stee.

In stille herne, wêr de brutsen weagen
Sêft sljuerkje oer it sljochte strân;
Wêr’t wy it wetter troch ús grêften lieden
En stinzen bouden yn it sêfte sân.

Yn bernetiid is alle libben wille:
Sa ús it libben wetter fan ’e stream;
Bern dreame en bouwe wat hja strak fersteure,
It sân wie stoffe foar ús drift en dream.

Us dream en sin! Hoe wie it ien, myn boarter
Yn Houster herne, trouwe kammeraat!
En in stille weemoed komt myn herte binnen,
As ’k tink oan dy, te ier fan ’t ierdske skaat!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *