HJERSTICH

HJERSTICH

No effen is de himmel wûnderklear;
De wyn giet oer it fjild: in koele stream.
In lichte wolken nimt oer ’t hôf syn paad,
In wite flinter skerm’t troch d’ apelbeam.
 
Dan troch it hjerstich lân, myn eigen tún,
No weak en wiet, gean ’k âlde wegen rûn.
Myn eagen sykje ôf ’t fergraven stee,
Myn foet nimt út ’e daam de klaai’ge grûn.
 
De huzen oan ’e dyk skraal fan bestean
Ferskine yn sneinske gloed. It wier
By ’t haad hat d’ âlde rook. Wat lang ferstoar
Komt by my op yn jonkheidsljochte sier.
 
De slingerjende feart mei dyk en set
Blinkt yn it donk’re lân. In glâns giet rûn,
Mar wêr it kroas him sette: in âld man –
’t Libben ferstille en de gloed fergûn.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *