HJERST

It wie in stille snein, wat tsjuster en wat wiet;
Fan ’t beamte, yn hjerstgiel blêd, foel sêft de rein oer ’t paad.
Wer thús by smoute hurd seach ’k út nei grize loft;
It wetter song, en harkjend waard ’k nei Fryslân laat.

Hoe libbet yn my ’t âlde libben fuort. Ik sjoch
De hjerst dêrjinsen: ’t fee stiet op ’e stâl en leech
Is ’t weake lân. By bûthúsdoar leit heech it gers,
De kowewazem lûkt troch d’ iepen doar omheech.

Ut fragelearen komm’ de bern; by dom’ny wei
De bou oer, wêr de rapen stean, nei hûs troch smoarge daam.
’t Is djirheintiid. Troch ’t bûthús rattelt lûd it kret,
In sturttou giselt en mei amers slacht de faam.

Sa skrept op eltse pleats it folk. Hoe’t ik har sjoch
En ’t hele dwaan no foar my ha, hja witte it net.
As master dy’t syn folk oan ’t wurk set, fiel ik my;
Hja meltse en boarne en wrotte stil, omdat ’t sa heart.

Mar myn ferlangst is mear: ik moat de sielen sjen,
De rin fan ’t libben en fan minsken al ’t bestean.
O, ’t folts yn my te witten, dy it kin en draach!
En sûnder print fan died net út it wurk te gean.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *