HJELDEI

HJELDEI

Dichten is de siele’ boartsjen,
Freonen kom en boartsje mei!
’t Hege ljocht blinkt oan ’e himmel,
Lieten komme rûnom wei.
 
Do hast ek dyn liddig’ oere,
As de siel’ út reizgjen giet;
O, it binn’ gjin frjemde kusten,
Wêr’t ik ljochte freugde wit!
 
’t Is net oars as d’ âlde greide,
Mar – hoe is it sa beteard?
Alle raaien haww’ har poarper
Nei ús blide eagen keard.
 
’t Binn’ net oars as bern dy’t sitte
Yn ’e rûnt’ op griene kling,
Fiere jonge pinksterblommen
Gearset ta in libben string.
 
’t Binn’ net oars as kloften fûgels
Yn in fêste rige slein.
En yn djip natoerbesinnen
Nei it lân fan langst fertein.
 
’t Is net oars as, fier, de sinne
Sa’t er ivich kliuwt en keart,
Hjoed foar ús hjeldei ferrizen
Yn syn heechste glâns en steat.
 
D’ âlde goaden sjugg’ ús doarmjen,
’t Swalkersfoltsen hoedzje hja;
En hja stjoer’, wa it frije leavet,
Fan har eigen dreamen ta.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *