HJA KOMM’ OP MY TA

HJA KOMM’ OP MY TA

 
Hja komm’ op my ta: goed folk, goed folk!
Wie dat dêr ús pleatske net?
Dêr haw ik de kij yn’e jister dreaun,
En it hea oan ’e golle set!
 
Ik freegje net: wa binne jo?
Ik wit it aardich goed;
De deaden binne my ek sa nei
As al it folk fan hjoed.
 
Dit is it ferskinen dat libben wie,
In koarte maaiedei.
Doe binn’ hja fertein út ierdelân,
En stapt út de rige wei.
 
En de preker, dy’t fan genede seit,
Bûcht del foar it heechst bewâld.
En de ivige stream rint de kusten lâns,
Dan bêde yn it alûnthâld.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *