HJA DY’T NET BEDIJDEN

HJA DY’T NET BEDIJDEN

 
Hja hawwe net de wrâld mei bodzjen stoer
Set nei har will’ en hawwe net har bern
Neilitten in ryk erf troch wrotten swier
En hurd. Ja faaks is wat fan d’ âlden kaam
Yn har bewâld beklonken en betard,
Om’t alles rûn har tsjin. Wylst oare leat
Fan selde stam as machtich man oer doarp
En tsjerke stiet, gong har bedriuw teniet!
Unearber stik! En dochs ús freonen wol
Sa goed as wa’t op heechste priis it fee
Te setten wit en tingje kin op ’t lean.
 ’k Bin bang hja wienen yn it bûthús net
Sa trou as ’t moast, mar faken bûtendoar
Op ’t hiem of op ’e dyk, mei freonlik wurd
Foar wa’t syn paad dêr brocht. Har niget wie
Foar ’t fûgelguod oer ’t fjild en neat gong har
Foar fiskje en jagerswurk. En is har went
Oan ’e seedyk, it hert giet út nei bût
En al wat rynsk de see bringt oan it haad.
O, hoe binn’ hja hjir thús! It wide rom,
It ivich weachgebrûs, it wiks’ljend ljocht,
De sâlt’ge rook, ’t nimt allegearr’ har mei!
En jimmer wer giet ’t each nei ’t fiere seil
En al wat jinsen libbet op ’e waard.
Mar ’t kin wol wêze, dat in ink’le kear
 
It fee fergetten wurdt; it haaien oerbliuwt
As it wêze moast; de bou fol krôde stiet.
Sa giet it net foarút. En as er tsjinslach komt,
In minne tiid, hja binne ’t dy’t it treft.
Sa kin it barre, dat op ’e âlde dei,
Hja wei út heite spul en earm en lyts
In tsjerkearbeidershûs ha ta har went;
En yn ’e tsjinst fan foogden wrotte hja
Wat op it tsjerkhôf om en himmelje it paad.
Mar fleurich bliuwt it sin en ljocht it each;
Har easken rûnen mei de tsjinspoed del
En sûnder wrok sjen hja it âlde spul
Yn fûler hân dijd ta in nije bloei.
Hja nimme it libben sa’t it is en kleie net;
En sneins yn tsjerke moedich sjonge hja,
En ûnder ’t preekjen as troch ’t finster falt
It waarme ljocht, dan dwal’ har tinzen ôf
En geane swiet har fiere wegen út.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *