HISTOARJE FAN BOEREN EN PLEATSEN

HISTOARJE FAN BOEREN EN PLEATSEN

 
De boer fan dy pleats is stoarn; en de frou is stoarn,
En fan de bern binne der al wei komd te reitsjen.
Mar dy pleats is net âld; op in oar stee hat in âlder spul stien,
Dêr is de boer berne en syn heit en mem binne dêr wei
     fuortreizge.
En âld wie dy pleats ek net; dy hie gjin stim,
It wie gjin ‘skotsjittend hûs’. Dat lân hie by oare pleatsen heard;
Dy wienen âld en dy hienen stim.
 
Dat wie om’t dy pleatsen dêr fan âlds west hienen.
By âlds hiene har foarfaars dêr sels har tsjerke boud,
En oer har pastoar hienen hja as patroanen sizzing hân,
De pastoar dy’t har bern ta Kristenen makke,
En dy’t har op it uterste sterke mei de genede fan Gods lichem.
 
En allegearre binn’ hja ferstoarn. Hoe soenen hja net?
It wie sa foar har besteld en oare bouwers moasten har
     pleatsen hawwe.
Mar earne moat noch libje it strieljen, dat fan har útgûn is
     de eter yn,
En as ik my sels sjoch, moat ik eat fan har wêzen sjen.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *