HEAR EN FEINT

HEAR EN FEINT

Ik bin har hear.
Ik wit wat har beweecht; de siel,
Dy’t út har wezen sprekt. Har lok, har frees
Drag’ hja my oan as oplein hearediel.
 
Ik bin har feint.
My lûkt har krêft, har frij bestean.
’k Jou my gewillich oan har boartsjen oer
En lit har rouwens oer my hinne gean.
 
Ik bin har hear.
Gedaanten rju komm’ op my ta,
No from en froed. Ik set har del nei ’t mal,
In wrâld, dy ’k skoep, wol ’k om my hinne ha.
 
Ik bin har feint.
Hja hâld’ my fêst en lied’ my rûn;
Dan jouw’ har oer en dan wer rinne wei
En hâlde my yn langst nei ’t frjemde bûn.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *