HEAMOANNE

HEAMOANNE

 
Hoe is no alles yn bewâld fan simmer!
Doe ’k justerjûn, yn ’t eigenst fan ’e stêd,
Oer ’t pleintsje rûn, kaam swietrook my temjitte
Fan ’t rypjend hea, der bûten yn it mêd!
 
En doe ik hjoed myn stille kuier makke
De bou lâns mei gerniere túntsjepronk,
Hoe dreau oer ’t paad de rook fan beanebloeisel,
Dat blankmeiswart him opjoech út ’e stronk.
 
O minske, lit net sokken wille rinne,
Wat better lok is ús op ierde jûn?
Sjoch, oan ’e kleare himmel blinkt de sinne,
De wrâld leit iepen, gean de fjilden rûn!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *