HAVE YOU GOT A BROOK

HAVE YOU GOT A BROOK IN YOUR LITTLE
HEART?
 
Haw Jo yn Jo hertsje in rinwiet ek
Dêr’t dimmene blommen stean,
En skrutene fûgels har drinkplak ha
En triljend de skaden gean?
 
En nimmen wit – sa stil giet it om –
Wat fan in streamke dêr;
En dochs Jo lytse libbensstik
Is daagliks dronken dêr.
 
Sjoch dan út nei it streamke yn ’e moanne fan maart
As rivieren ferlitte har wei,
As de snie mei geweld fan ’e hichten komt
En nimt wol de brêgen mei.
 
En letter as it augustus is
En de mieden lizz’ skrok en soar
Pas dan op dat dy lytse wetterrin
Giet net yn it skroeien te loar!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *