GRUTTER FRYSLAN

GRUTTER FRYSLAN

 
Hja neame noard en east, in ink’le west.
Mar tichter by sjoch ik in lân, sa uzes lyk
As ea ien wie.
It hat ús terp, ús hûs,
En ienkear droech ús taal har wet en rjocht.
Hjir song bard Bernlef. D’ ieuwen oer
Wie Frysk de namme, wêrom hjoed net mear?
Haw ’k net fan Eije en Tjaard it Fryske hert ferstien,
Doe it jong my iepen lei?
O dat ek harren kaam it witten fan de stam,
De âldene erf!
In grutter Fryslân sa,
Fan Schagens terpen ôf de kusten lâns nei Sylt.
Us sprake net, o wize Rienk en Gerlf
Yn ’t feilich middenperk;
Mar wol ús lân en wol eat fan ús folts.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *