GREFTSWAL

GREFTSWAL

 
Wer giet it oan! De soele wyn
Rint troch de knopjend’ iperenbeam;
De âlde grêft leit blank en jong,
Oer skippen komt de farjensdream.
 
En lang gjin daagliks winkelfront!
Hjir troanje klompen, pik en reap,
Al ’t eigene dat in skipsboard nimt;
Tabak, fan ’t âlde merk, te heap.
 
My is net frjemd it farjensspul;
In lucht fan tar: ljochts op ’t âld stee.
In seil – hallo! De reis giet oan,
Mei oerkrêft wyn oer fliet en see.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *