GJALP

GJALP

O, noch in deitwa op de bloeiende ierde,
Mei it godlike, leave, leedtefrettene libben,
It smertlikfoldragene, himmelfoarskôgjende,
Triljend trochwraamde, goudglânsoerstrielde!
 
O, noch in deitwa mids minskene slachte,
De wûnderlik dreaunen, de goede ferlernen,
De machtige brutsenen, de sterke ferwoechs’nen,
De leafdebesielen, de dwylsinfergûnen!
 
O sjoch yn it westen de poarperen ljochtskyn.
De strielen pylkjend út goudene skylden;
Noch bloeit foar my op it skienste ferrizen,
De bôge dy’t ierde en himmel ferienet!
 
Moarn sil ik, moarn sil ik… o bernlik besiikjen!
Wat sil ik oars as wrakselje mei ’t libben,
Sa’t it my draacht en weagjend wer del smyt,
Minskene ierdske bestimming folbringend?

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *