GIEST MEI?

GIEST MEI?

 
     – Giest mei? De skuorre is rom en grut,
En fol mei kost’lik hea!
Dêr rôlest en dêr springste yn,
Sa’n wille hieste nea!
 
It bûthús is sa fol fertier
En libben tsjin ’e jûn;
It wynd’rjend ljocht giet hinenwer,
Frjemd gean de skaden rûn.
 
     – Giest mei? De wrâld is wiid en rom,
Dyn krêft is hast folslein;
In húsman fynste wêrste komst,
En – moarn wer fierder tein!
 
In rige fammen komt foarby,
In fleur’ge, ljochte stoet!
Hoe slacht in waarme gloed dy oan,
Hoe lûkt it jonge bloed!
 
     – Hjir is dyn stee! Dy ropt de grûn,
Hja moat har tsjinners ha:
Do heinst it dier, berêdst de bou
En dekst de fruchten ta.
 
Do joust it lân gedaante en erf;
Sjoch hoe dyn fjild dêr leit!
Sjoch hoe it libben, wolbesteld,
Ferskynt yn hearlikheid.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *