GERS HELJE

GERS HELJE

Hjoed haw ik wat fan it oerbestean fan de Fryske boereman
     sjoen!
Ik siet yn ’e fuorge en de kopkes fan de bûterblommen seach
     ik sêft hinenwer weevjen.
Dêr oerhinne seach ik in man dy’t gers byinoar harke,
Stadich rint er foarút, it strinkje lâns;
Dan komt der in hynderenwein oan, al mei wat gers dêr op;
In man mei in foarke nimt gers fan it strinkje en stekt it op –
     op ’e wein;
Ider kear sjoch ik de plokken út de loft op ’e wein fallen;
It hynder slacht mei de sturt.
 
O jimme ‘dichtergeneraasjes’, foaren-neioarloggers,
O jimme besprekkers dy’t mei magyske keunst oerwinne wolle,
Wat sizze jimme fan dizze libbensoade?
Fleantugen raze oer my hinne en fine wylgeplúskes sweve by
     my lâns.
Fryslân! De wrâld!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *