FYTSTOCHT

FYTSTOCHT

 
O it riden troch de lannen
Yn ’e bliere sinneskyn!
Foar ús út de blide wegen,
Oer ’e dyk de bolle wyn!
 
Jimmer fierder fuort te driuwen
Sa’t it frije sin it seit;
Hoe’t foar swalkers langjend’ eagen
Heel de frjemdte iepen leit!
 
Hoe’t de fiere kusten winke!
’t Frjemde lûkt de sinnen sa;
Wûnd’re dreamen dogg’ har iepen
En in wrâld komt op ús ta.
 
     – ’t Is foar my, dat rynsk de simmer
Oer ’e bou syn kleuren spraat,
Dat de boer de blanke skeaven
Op de hege weide laadt!
 
Ierdelân en minske’ stribjen
Binn’ ferbûn ta heger steat;
Hoe’t in suv’re harmonije
’t Lok my yn ’e siele geat!
 
Bin ik kard, dat ik sil tsjûgje,
Drage it lok myn freonen ta?
’t Wellet op út djippe saden,
Wûnd’re krêften driuwe sa.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *