FOARJIER

FOARJIER

 
O ljochte tiid! O wille sûnder miet!
Gearkommen bliid fan minske’ slachte swiet!
O heit en mem, doe’t yn it hôf de pronk
Fan maaietiid jimme yn ’e siele sonk,
Doe kaam my dizze leafde oan.
 
O fiere faar en moer, doe’t – hân by hân
Oer terpedelgong nei it bloeiend lân –
De lije wyn it wêzen stil berûn
En sêfte twang it wylde hert ferwûn,
Doe kaam my dizze leafde oan.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *