FOAR …

FOAR …

 
Foar myn freon, dy’t wer syn jonkheid sjocht,
Sa as dy yn syn dreamen stie,
Mei it âlde hûs yn it tichte hôf
En alles, alles, wat ienkear wie.
 
Foar boerinne, dy’t stil har tinzen hat;
En op it hiem, yn ’e maaietiid,
Dan lústert hja nei it fûgelgerop.
‘Noch krekt as doe,’ en it hert is bliid.
 
Foar in jongfeint op stúdzje. Yn frjemde taal
Mannich machtich keunstwurk is him brocht.
No hat er, ta him selme keard,
Syn eigen eale sjongster socht.
 
Foar jongelju út rjochtsinnich hûs;
Leit oer har went net wat swier it skaad?
O waarden hja fan it âlde Frysk
Nei it ljocht fan ’e poëzije laat!
 
Foar de jonge tsjirl, by de seekant wei.
Wa wit? Hy is net dy’t er wie;
Faaks dat er yn syn kiste no
Wat oars as rouwe lietsjes hie.
 
Foar ’t arbeidersminske? O, moai is har rak
Mei it suv’re guod, dat te blinken stiet,
En de stokroas foar ’t finster, de goudsjeblom;
Mar mear, noch mear, dat de dichter wit!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *