FOAR IT ALDE HUSKE

Op it ein fan it doarp stiet it âlde hûs,
It túntsje dêr foar mei wat blommen;
De goudsjeblom stiet er sa pronkemoai
En de roazen binn’ op it kommen.

Ik sjoch troch de iepen boppedoar
Yn ’e gong mei syn blauwe muorren:
De frou soe efkes yn ’t moaie waar
En kipet ris oer ’e buorren.

De sinne beskynt it âld minske sa blier,
En foar my stiet har hele wêzen,
Har lange libben fan Fryske frou,
Op har âlde troanje te lêzen.

In libben sa warber, wiis en kloek,
Dêr koe wol in hûs op driuwe;
‘Jins bou, myn wyfke, is wolbesteld
En de fruchten sille bliuwe!’

Dêr stiet hja no stil yn ’e moaie dei
En sjocht oer it fjild om har hinne,
En laket ris tsjin ’e lytse bern,
Dy’t troch ’e buorren rinne.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *