FLEANEN

By de dea fan Clement fan Maasdijk,
27 augustus 1910

It wie op ’t Fean. Dêr soe it fleanen wêze,
En tûz’nen streamden út heel Fryslân gear.
It wie in moaie jûn en wurch fan ’t wachtsjen
Lein’ w’ op ’e greide. Einlings it fleantúch kaam
En elts oerein. De klok waard let; meits romte!
Do naamst dyn wiffe plak; de skroef fleach rûn;
Lit los! De tsjillen rôlen, hurd en hurder;
Mar no, hy roert gjin grûn mear! wûnder! sjoch!
Hy stiicht, hy giet de loft yn as in fûgel!
En al dy minsken hâldt it wûnder fêst,
Har hert slacht hurder en as los fan ’t ierdske
Fiel’ hja har licht en frij, op wei nei ’t ljocht.
Hoe rom de wrâld, nei dream fan tûzen jierren!

De sneins kaam praat fan ’t droevich ûngelok;
Wy koenen it net leauwe: ús eigen fleaner,
Jongkearel, dea, sa thús yn ’t hege rom?
Mar kranten brochten ’t nijs. It gong ús oan
En ’t byld fan droev’ge dea bleau lang ús by.
Hy wie ús earste fleaner en wy tanken
Oan him in lokk’ge dei, in duorjend moai.
Wol dêrom, freonen, mei my oan him tinke.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *