FEST OAN IT FERLINE EN IT FRYSKE FIELEN

FEST OAN IT FERLINE EN IT FRYSKE FIELEN

Fêst oan it ferline en it Fryske fielen
Sa haw ’k in kear myn dicht yn dicht beneamd.
It ferline is fansels foaral it ferline fan Fryslân.
Dat binne de finnen en de mieden en in inkeld boustik
     foar eigen bederf.
Dat binne de Aldfryske langhuzen en de pleatsen mei binhûs
     en skuorre.
Dat binne de boeren en fiskers sa’t hja neamd wurde yn
     de ‘oanbringen’:
Evert Bouwens en Harm Wiebes binne it dy’t my eat fan har
     foar eagen bringe.
 
En it Fryske fielen kin dat wat oars wêze as it fielen
     fan heit en mem?
Is der Frysker fielen yn de beneaming?
It binne as wat de Noardfryske Paulsen fan syn âlden seit.
Dyn heit sjochst swijsum gean,
En blierder stiet dyn mem yn ljochte dei.
Sa haw ik it sein en sa sis ik it noch
Yn dizze oere no’t de Tsjerne en de Strikel my mei
     har lytse letterkes stomp sette
En ik by it eigene hâlden wurd.
 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *