FERKUNDIGING OAN MARIJE

FERKUNDIGING OAN MARIJE

Fersen 259269
 
‘Heil dy, Marije,’ spriek er,
‘do bist dyn Heare leaf
de Wâldende wurdich,
want do wiisheid hast,
frou fol genede.
Do silst wêze
foàr alle frouwen wijd.
Haw net folslein moed,
frees net foar dyn libben;
ik kaam ta ûnk net hjir hinne
en bring net bedraagjend ding!
Do silst wêze ús Drochtens
mem, mids de mannen,
silst it feintsje foede,
de hege himmelkenings soan;
dy sil Heilân ta namme
mids de minsken ha.
It ein sil net komme,
des wide ryks weinpunt,
wêr Hy oer wâld hat,
de ferneamde folksfoarst.’

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *