FERKUNDIGING FAN DE BERTE

Oersettingen fan fragminten út de Heliand

FERKUNDIGING FAN DE BERTE FAN
JEHANNES DE DOPER
 
     Fersen 94170
 
Doe wie de tiid kommen,
dy’t oansein hiene
wize mannen mei wurden,
dat it wijde Gods
Zacharias soe betsjinje.
Doe wiene der gearkomd folle
dêr te Jeruzalim,
Joadske ljuwe
út de wrâld ta it wijde,
wêr’t hja de wâldende God
swiden deemoedich
bidde soene,
de Hear om syn hulde
dat de himmelkening
fan leed har ferloste.
De ljuwe stiene
om it hillige hûs,
en de heechstelde man
gong yn ta it wijde.
It oare folk bide
om it hillige hinne,
Hebrieuske ljuwe
oant de froede man
folfierd hawwe soe
des Wâldende wille.
Sa’t er de wijreek droech,
de âlde yn ’t hillige
en om ’t alter gong,
mei syn reekfetten gong
de Machtige te tsjinjen,
folfierde fromsinnich
syn frana’s
Gods tsjinnerskip,
swiden willich,
mei in suver sin
sa as me de Heare
sil jerne folgje;
ferbjustering sloech him
skrik yn it hillige;
hy seach der in ingel Gods
binnen yn it wijde;
dy spriek him ta mei syn wurden;
hjitte dy froede man
befreesd net te wêzen,
hjitte him net te eangjen;
‘dyn dieden,’ sa sei er,
‘binne de Wâldende wurdich
en net oars dyn wurden;
dyn tsjinst is Him tank
dat sok tinken do hast
oan des Ienen krêft.
Dy syn ingel ik bin,
Gabriël bin ik hjitten,
dy’t ik jimmer foar God stean,
foar des Alwâldende each
as er nèt yn syn tsjinst my
earne hinne wol stjoere.
No hjitt’ er my dizz’ wei te farren,
hjitte dat ik dy kundigje soe
dat dy in bern wurdt berne
fan dyn âld frou,
dy beskern sil wurde
yn dizze wrâld,
in wize yn wurden,
dy’t nea yn syn libben
gjin lîth sil drinke,
gjin wyn te wrâld.
Sa hat de needlotsbeskikking
it mjittende, beoardere
en de macht Gods;
hjitte my dy te sizzen
dat dy soe wêze genoat
fan de Himmelkening,
datsto him goed soest hoede
kweekje troch trouwe;
sei dat er him eare safolle
yn Gods ryk
soe skinke.
Hy sei dat de goede
Jehannes ta namme
soe hawwe,
gebea sa it te neamen,
it bern as it kaam;
sei dat er Kristus genoat
op dizz’ wide wrâld
te wurden stie;
Syn eigen soans,
en sei dat hja ringen
hjirhinne op Syn boadskip
beide kamen.’
Zacharias doe joech him reden
en tsjin him spriek,
tsjin Drochtens ingel,
en oer dy dingen
spriek er fan wûnder en oer dy wurden;
‘hoe kin dat,’ sei er
‘sa fier yn ús libben?
It is dochs te let
sa te gewinnen
asto mei dyn wurden it spriekste.
Want wy hien’ earst oan jierren
krekt tweintich
winters yn dizze wrâld,
ear’t tà my kaam ’t wiif.
Doe wien’ wy tegearre
oan winters noch santich
te bank en te bêd
sûnt ik har ta breid keas;
sa’t wy yn ús jonkheid
ferkrije net mochten
dat wy in erfwacht
hawwe koenen,
op te bringen op telleflier.
No’t wy bejierre binne
hat jeld ús benommen
manlike dieden,
dat wy binne yn ’t sjen ferswakke
yn it rinnen somjend,
’t fleis is ús ferfallen,
it fel yn tearen,
ús krêft is belune,
it lichem fertoarre
ús oansjen
feroare
ús moed en ús machten
om’t wy sa mannich dei
dizze wrâld bewennen;
sa is ’t my in wûnder
dat it sa sil komme
asto mei dyn wurden it spriekste.’
– Doe waard de himmelkeningsboade
smertlik bedrôve
dat om syn boadskip
hy him sa ferbaasde
en dat hy net woe betinke
dat de hillige God
hie macht him te meitsjen
sa jong as er earst wie,
it sels te bewurkjen
as Hy dat dwaan woe.
Beskerre doe ta straffe
gjin wurd mear te sprekken
mei syn mûle te meldzjen,
‘ear’t dyn bern wurdt berne,
fan dyn frou op jierren,
in feintsje kweke,
bloedjong berne
út goed geslacht,
in glâns op dizz’ wrâld;
dan silsto wer sprekke,
de stimme wâld hawwe,
net stom silste wêze
in langere tiid.’

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *