FAN TWA STEDEN

FAN TWA STEDEN

Nei oanlieding fan twa dichten fan Lionel Johnson
‘Winchester’ en ‘Oxford’
 
Ik sis net: Snits mear as in mem foar my.
En fan dyn dom foel net in machtich skaad
It bolwurk oer; gjin poarp’ren gloarje kaam
Fan hege himmelserven út dyn bôgen wei.
– Dat bolwurk wie ús paad yn ’t skoalleskoft;
’k Sjoch Age, eale Hektor, Lútsens broer,
En lju fan minder rom. O wrâld dy’t komt!
De measten hawwe al har reis folbrocht.
It âlde skoalgebou hâldt noch syn stee
‘Trochloftich’ as alear. Gjin mannen hie ’t
Waans holle hawwe moat in strielekrâns,
Al wie de rektor heech. Dat fersemakkerij
By ’t jonge folk hast as in hantwurk wie,
Is skraach it neamen wurch. Dat ik foar my
By nomm’le lju in freonskip fûn, wol mear.
Ik neam in hûs, dêr’t Multatuli ek
Kaam yn syn Snitser tiid (sit op in stove hie
Oan ’e fuotten fan de frou); myn goede domeny;
Myn dokterfreon, wol wat tsjin d’ oare yn
Op ’t stik fan it geloof. Hy naam my mei;
Ik neamd’ him al yn dicht.
 
Mar ’t is de tiid, wy gean’ nei d’ oare stêd,
Myn Oxford dan. No kin ’k wol yn ’e kamp
Tsjin Lionel mei ‘dêre dit en dat’.
Hie Shelley dêr syn blanke dreamen dreamd,
Hjir hat ús skilderfoarst wrâlds heechste wûnders boud.
Hjir wie it dat ik Breitners gloarje seach,
Dy moarns allinne, en wist net hoe it koe!
En o it libben! Sterk oan havenkant,
Fan fûl bewegen yn ’e binnenstêd,
En fan in âlde dream oan stille grêft.
My naam it hele folk, al seach ik dan
De dichters ek, dy’t eltse moanne wer
Us brochten ’t nije lûd; de keunstners fan it toaniel
My erflik leaf. – De wittenskip wie doel,
Mar koe allinne net ferfolje iepen geast. –
De stêd, de bûtenkant! En noch myn leafste wurk:
Yn Rembrandts byld de stêd en ’t fjild besjen,
Oan Amstels oere en nei Diemen ta.
Dêr haw ik west! Dat wie dy goede dei!
O gouden lok, dat troch de tiden striel’t!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *