FAN LUD EN ROOK

FAN LUD EN ROOK

 
Ik rûkte it hea en it klaverlân,
En de ljurk, de ljurk dy song!
Dêr rôle in wein, dan balte in ko,
Hoe my alles yn ’t herte gong!
 
Fan lûd en rook in wrâld kaam op,
En in libben dreau foarby;
En jonkheids ljochte leafde kaam
En neimiddens ôfgeande tij.
 
Wy wienen jong, wy waarden âld,
Al ’t wûnder is ús nomd;
It lûde laitsjen stoar ús ôf,
It stille glimke is komd.
 
Mar soms libbet op it hele hert
En al wat de siele lûkt,
As sà de ljurk oer ’e finne stiet
En swiet de klaver rûkt.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *