FAN JAGERS EN FAN FISKERSLAACH

Fan jagers en fan fiskerslaach,
Al wie syn folk oan ’t buorkjen tein,
Wie ’r hjerstmis mei ’t gewear yn ’t fjild,
Op jacht op hazze of wylde ein.

En foarjiers yn ’e iere moarn
– Kâld striek de noardewyn oer ’t lân –
Teach er om ljip of skriesaai út,
De greiden troch, pols yn ’e hân.

En simmerjûns, berêden ’t wurk,
It fjild yn hat er fûken set;
En winters jag’ er ’t roofdier op,
Of skûle by syn wilsternet.

O, ’t skôgjen fan ’e fiere kym,
Heech boppe jin de wolkenloft!
Wa koe sà fûgels oan ’e flecht?
Wa seach sa ier in wilsterkloft?

O, ’t libben op it wide fjild,
Sa frij, sa rom, it hag’ him sa!
Hoe lyts like him, sa op ’e romt’,
It deiske boerepielen ta.

Hoe heard’ er by it frije fjild,
Fan aard wat rou, gjin freon fan ’t wurd;
De fammen seach er net nei om:
Goed foar wat knúsket by de hurd.

Mar ’t wylde fûgelt’ lit wat mear
As wat op waarme matte fleach;
No is er stoarn yn jonkheidskrêft,
Diel fan natoer, dat hinne teach.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *