FAN IT LIBBEN

O ’t bliere boartsjen yn ’e bûnte greide
Fan blide famkes yn har heechste pronk!
En ’t draven fan ’e jonges wyld en derten,
As nimmen wit fan tiid of honk!

En o, folsleine krêft fan ’t jonge libben,
Dat stiet foar neat en nei it heechste kliuwt!
Gjin wurk te swier no foar de sterke lidden,
Wylst ’t jonge bloed de ien nei d’ oare driuwt.

En dan it wrotten troch de lange dagen
Mei rein en sinne, kjeld en swit!
En âlders’ soarch de piken op te bringen,
Hoe ’t diger memke rekkent, mjit!

En ’t âlde wyfke mei de appelwankjes! –
O, al it minskelibben is myn sin,
Ik nim it yn my op mei trouwe eagen
En haw it leaf al wêr’t ik bin.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *