FAN IT FRYSKE LAN

FAN IT FRYSKE LAN

 
Haww’ jimm’ wol west op de terp te Biessum, en binne de
     reed syn suvere ring gûn –
De huzen dêr oan, de bûtdoar nei de wei keard?
In tsjerke koe net wurde; folslein oars it karspel.
Of dan te Weiwerd – folmakke – de tsjerke yn it mulpunt,
Of te Marsum, ferdold, mar it hôfke behâlden?
Te Ezing’ fansels binn’ jimm’ kundich; mar haww’ jimm’
     ek stien te Oostum,
Of te Wierum op ’t heechste en de fjilden sjoen wiid om
     jimm’ hinne?
Dat alles is Fryslân.
 
Kenn’ jimm’ de marsk fan de Krummhorn?
Haww’ jimm’ makke op ’e geast fan Aurich nei
     d’ Upstalbeam Friezene pylgertocht?
Faaks binne jimm’ tein, by Ditmarschen lâns en by
     Eiderstedt op Noard-Fryslân ta
Om de sprake te hearren en de Halligen rizen te sjen!
Mar haww’ jimm’ ek west yn ’e greide en it gers yn jimm’
     hannen field,
En haww’ jimm’ it wetter preaun út de fething fan
     Nommenswarf?
Dat alles is Fryslân.
 
Yn Hollân haww’ jimme west; mar haww’ jimm’ de dyk
     om West-Fryslân sjoen en de ‘dorpen’ fan Schagen?
En hawwe jimme wol ris west – sa moat ik noch freegje –
     te Tsjom,
Sintrum fan âld Fryslân, kearn fan de klaai fan it Westereach?
Kenn’ jimm’ de pleatsen fan Tritsum en Teetlum yn heel har
     berin,
En de diken, de platte, slein om it âldste gea?
En haww’ jimme stien op terp of op dyk en de âlden dêr
     wrotten sjoen foar lân en foar libben?
Dat alles is Fryslân.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *