FAN IN FERSTOARNE FREON

FAN IN FERSTOARNE FREON

Mar dan tink ik oan in freon dy’t my neier west hat as hja
     dy’t ik hjir beneamde.
Ik haw him net mei te hôf bringe kind om’t er allinne yn syn
     doarpke werom komme woe;
Sa hat myn lêste besiik it ôfskie west. O skaad fan in libben!
     O stadich delgean!
 
As er earder libbe hie, soe it folk mearkes fan him ferhelle
     hawwe sa as fan Obe Sikkes en Lijke profeet:
Ut boerelaach komd ta de heechste leardens. – En, o,
     as Fryslân him witten hie te behâlden,
En as er foar Arabyske wiisheid de wittenskip fan it Fryske
     wêzen steld hawwe soe!
 
No sjoch ik syn libben oer, fan in heech en klear yntellekt; –
     wa hat dêr mear fan ûntfange meien as ik?
(O dy âlde pleats dêr triedden ûntsprongen dy’t wrâlddielen
     omfetsje koenen!)
Fan de ierde net rekke en besmodze; en wy freegje: soe net
     oan sokken suverens it oergean lichter falle?
Mar hoe hie er dochs leaf it ljocht en de keunst fan it Suderlân,
     dêr’t er komd wie om Easterske wiisheid te siikjen!
No stiet syn libben ôfsletten as in keunstwurk, steld bûten
     romte en tiid
En duorjender as yn ’e Keningsstrjitte sil it bewarre bliuwe.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *