FAN DE IENE BOARNE

FAN DE IENE BOARNE

Lyts dicht fan it lân
 
     I
 
Ien dichtstik hat der west, it grutte dicht fan it lân,
De ieuwen oer syn spegel en syn rom:
Georgika! Romeinske wysheids dicht
Fan ploechmans wurk, fan beammen, fee en ym.
 
Vergilius syn dichter, wrâld in ljocht!
Dy Dante’ lieder wie yn ’t skimenryk,
En oare dichters foargong op har ierdske paad
Sa as by Gysbert sprekt út Godsfreons wurd.
 
En wat foar my? In namme en in byld,
Dat ’k my foar eagen stel, in lyts poëet
Yn in simpel lân; dat it him besielje mei
As hy beneamt wat yn syn dreamen stie!
 
     II
 
Ferbyldzje jimme in terpke earne yn ’t sljochte lân;
’t Heart ta in doarp, mar hat syn eigen him.
In namme neam ik net; ferneam it mar
Sa as jins leafde it foar jimm’ rizen docht!
Nei dizze hichte nim ik jimme mei;
Twa pleatsen stean ’er op, ien mânske lûkt ús oan;
Dêr oan ’e skuorreweach nimm’ wy ús stee
En sjogg’ de fjilden oer.
Wiid om ús hinne leit it Fryske lân,
In diel yn maitiidspronk, in diel mei gouden frucht.
Dêr hat ús folk syn wurk; it giet ús oan
En wy belibje wer ús stamme’ oerbestean.
Yn ’t east de raaien weve oer ’t klaverread,
Ut it westen komt de rook fan ’t goede hea;
Mar op it hiem, der tusken, tyljensgeur
Fan skerne dy’t de grûn syn ang betsjut;
Hjir hat ús folk syn ierdske dagen hân,
Syn wille en lok, syn striid mei grûn en tij!
Dit wie syn ryk; wat tuorkes riisden op
En faaks ek seach er hjir in ink’le stêd,
Him grutske bou fan rykdom en fan macht…
Mar foar him yn ’e finne ’t freonefolk: syn fee,
Hja haww’ beslikke wat de greide joech
En wachtsje no op ’t wenstich huigerop,
Dan nei de jister mei har kostelike jeft’.
Doe haww’ ús memmen tsjerne en bûter bard,
Us heiten haww’ de brokken yn ’e tsiisdoek teard,
De swiere balstien hat de parsing jûn,
En nei de stêd binne de skippûnen brocht.
– No giet it wol wat oars; in grut fabryk stiet ree,
Dat driuwt op krêft út ierdryks yngewant,
Bewarre bleaun fan fiere ieuwene groed.
 
     III
 
Mar kriten binn’ der ek fan oar bestean;
Dêr hat de minske d’ ierde iepen lein
En yn har flanken brocht it goede sie,
En tidige op seine en dijens krêft.
It ûnrant haww’ hja fuortband en it kwea ferslein,
Om as de stûne er is, de sichte bod te jaan.
– Dy oarden binn’ my net út it bloed sa nei,
’t Is mear in lân yn opgongstiid ferstien
As krêft en rykdom foar my iepen gong.
Ik sjoch sa’n dei: de loft is blank en klear,
It fjild oan kleuren ryk; al giel de weet en ’t koarn,
De hjouwer blond en bûnt ’t ierappellân,
Dan bitens suver grien, der tusken troch
De donk’re grûn dy’t ôfstie wat er droech.
En soms wat stûken fan it flaachs.
Wol hat it Fryske lân syn ryk ferskaat,
Ta minskene bederf al ierde’ frucht!
 
     IV
 
Sa naam ik jimme mei nei ’t fjild, en net
Nei stêd en stedsbedriuw; de ierde binn’ wy nei
Fan jonkheid ôf, fan foltsene oertiid ôf,
Want lyk as eigen sa is minskdoms jeugd.
‘O, doe’t ús hannen de klaver skearden,
Troch ús fingers de kerlen rûnen,
Fêst oan har lichem ús fuotten sluten!
Doe’t ús wûnder wie har heechste waachsen,
It reid dat ús diek en de machtige beammen.
Doe’t ús wille wie har leaflik sieren,
Kleur en rook yn ’t oerbyld foarme!’
Sa kaam my ienkear oan fan jonge tiid;
Ferjou ’t werheljen, sa is ’t dat ik ’t sjoch.
Mar grut ding winste noch: de lodde nimst
En driuwst him yn ’e grûn. De ierde dy’t ús draacht
Brekst iepen, hakkest om foar sie.
Sa as ús foarfaar foar syn libben die;
En dan te sjen it earste griene waas,
De waachsdom te belibjen trou en from:
Ut d’ iene boarne alle minskene goed!
 
     V
 
Yn it hjoed is ek ’t ferline: it libbet jit!
’t Is yn ús bloed, yn wyn en weagen is ’t;
Yn ’t âlde hûs is foarfaars wêzen bleaun,
Syn flear en eskenbeam stean noch yn ’t hôf,
Yn ’t finstik ’t hynder noch dat yn ’e hikke biet,
En yn ’e sleat om ’t hiem it eineguod.
Sa wie it en sa is ’t, der is gjin skied!
Wat west hat en wat is, dat is deselde wrâld;
Ien siele, ien begryp hat alles yn,
Dit is it suverst lok; ien mei natoer,
Mei alle libben ien, ien mei de Geast
Dy’t alle libben draacht!
 
     VI
 
En no oan ’e ein riist wer de ynset op:
Vergilius song foar Maecenas, stipe en freon,
Yn fjouwer boeken, elts in monumint.
Ik bring gjin monumint; ik haw, in lytse jeft’,
In mannich rigels stoaid foar myn Maeceen,
De boeremaatskip, hûndert jier yn ’t mêd,
It Fryske folk ta stipe en ta rom.
O, dat fan einfolks wêzen ek eat sprekke mocht
Ut dizze rigels, sjongen swak fan macht,
Mar opkomd út de leafde foar it Fryske lân.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *