FAN DE FJOUWER ELEMINTEN

FAN DE FJOUWER ELEMINTEN

     Tusken mem en soan
 
Wêr sil ik fan dichtsje, mem, om de priis fan Rely te winnen?
 
Do hast dochs de ierde, jonge, dêrsto yn dold hast,
De lodde hast dêr yn dreaun mei de drift fan de bouwer;
De kluten haste fyn wreaun en de kerlen troch de fingers
     rûgelje litten,
Dyn fuotsoalen hawwe it fearjen fan it greidedek field,
Dyn eagen hawwe de gloarje fan it bloeisel dronken,
Dyn noasters hawwe de swietrook fan de klaver ynsûgd.
 
En do haste it wetter, dat libbene elemint,
It streamende dat sa dyn freugde wie;
It klotskjende dat oan it boatsje hoart,
Dat de skippen fier oer de kimen draacht.
’t Is it golle dat lavet alle kreatuer,
Mar it kin ek wêze it boaze dat slacht.
 
En do haste de wyn dy’t de seilen spant,
Dy’t de mole syn feardige rûngong jout;
De loft, dy’t him bôget ta blau ferwulf,
Dêr’t de ljurk, it triljende lûd, yn kliuwt;
Dêr’t dyn draak yn stie – do fielste him lûken –
En no in machtige float yn raast.
 
En dan moat ik, as lêste, it fjoer noch beneame,
It gleone, it ljochte, fan de minske – syn wûnder –
Ta tsjinner makke, beskutter fan ’t libben,
Tarieder yn ’t deiske (mar o dan de rampen!);
 
– Mar heech oan ’e himmel stiet godlik it oarbyld,
Hja neame it sinne, de strieljende, sterke,
De alles bestjoerende, boarne fan ’t ierdske,
Fan dy, ek fan dy en dyn libbene bloedslach!
 
Do sjochste, myn jonge, der is wol stoffe;
Gjin soargen! gean do mar dyn wegen,
Djip yn ’e oergrûn woartelt it grutste,
Sis dan mar frij wat dyn inerlikst dy lústert,
En de priis fan Rely is hast dines!

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *