FAN ALDE TIDEN

Fan âlde tiden dream ik jimmer wer,
Ik sjoch it doarp, de trouwe stompe toer;
Dêr foar, nei ’t westen ta, pastoar syn went,
In stik twa huzen noch de buorren oer.

Hear Oene soarget foar it sieleheil,
Foar ’t deisk bestean brûkt elts syn eigen lea;
Hja wrotte en bodzje op greidelân en bou,
Al is it lean faaks net as sûpe en beanebrea.

Tjaerd Upkes, ’k sjoch dy troch de mieden gean!
De raaien litt’ al los it ripe sied;
Heamoanne is ’t, de mieren moatt’ oan ‘t wurk,
Praat mei de buorlju ôf, ’t is hege tiid!

Claes Oeges skuorke sjoch ik oan dyksfoet;
Grif twaris deis giet d’ âld man der op út.
En swalket einen om wat bût oan dyk,
It each yn see, om noard en om ’e súd.

De see jout brânje yn ’e wintertiid
En minsken har bederf, as ’t fiskjen kin,
De wylde fûgels binn’ er yn ’e romt’,
En hjir fûn mannich man it libben nei syn sin.

Myn húslju, bin ik noch fan ’t âlde laach?
Wa seit it my! Mar freonen binn’ wy wol:
’k Waard grut op jimm’ lân, by jimm’ toer;
Yn Tjaerd syn finne boarten wy sa gol.

Hoe folle slachten binn’ al folge yn ’t grêf,
Sûnt d’ ierde jimmes wie, yn Karels tiid:
Nei Tjaerd kaam Upke en nei Upke Tjaerd,
Mar d’ ierde bliuwt en ’t libben sterk en bliid.

As hertslach giet it libben op en del,
It bloed fan d’ ierd’; en foarser wurdt it slaan.
Noch winn’ de krêften oan; de ierd’ is jong,
En heger wille sil de middei jaan!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *