DE TOCHT OP DE SEE FAN GALILEA

DE TOCHT OP DE SEE FAN GALILEA

Fersen 29032951
 
Dan oan de wetters oere
kamen gear de Kristus-folgers,
dy’t er sels hie útkard,
har toalve troch har goe-trouwe;
net wie yn harren twifel
dat hja yn Gods tsjinst
jerne woenen
oer de see reizgje.
Doe lieten hja de sterke stream
it heechhoarne skip
de lottere weagen
skiede, it suvere wetter.
It deiljocht ferteach,
de sinne gong nei syn rêstplak;
de see-befarders
nachtnevels omgriepen;
de mannen stribben
foarút yn ’e floed;
de fjirde tiid
fan de nacht wie komd.
De bringende Kristus
bewarre de weach-befarders.
Doe waard de wyn machtich,
stoarmwaar kaam op;
de weagen rûsden,
stream om ’e stjûne;
stridend foeren
tsjin wyn op de mannen,
hienen swier moed,
de siele yn soargen;
sels net betrouden
de see-befarders
oan lân te kommen
troch de stoarme oproer.
Doe seagen hja de wâldende
Kristus
oer ’e see hinne
sels gean,
farre te foet;
net mocht er yn ’e floed del
yn ’e see sinke,
want syn eigen krêft,
de hillige, hâlde him.
It hert wie yn freze,
de mannene moed;
eange dat de machtige fiand
it die te bedragen.
Doe spriek har ta har Drochten,
de hege himmelkening,
en sei dat hy har Hear wie,
ferneamd en machtich.
‘No moatte jimme
fêste moed fetsje;
wês net yn freze,
drag’ jimme dapper!
Ik bin Gods bern,
Syn eigen soan,
dy’t jimme tsjin dizze see
sil beskutte, tsjin dizze stream.’
Doe spriek tsjin him ien fan de
mannen
oer de skipsboard hinne,
de heechwurdige minske,
Petrus de goede,
woe net pine lije,
de wetters woede:
‘Asto it bist, de Wâldende,’ sei er,
‘de goede Heare
sa as my tinkt yn myn moed,
dan hjit my nei dy ta te kommen
oer dizze seestream,
droech oer it djippe wetter,
asto myn Drochten bist,
minskene momber.’
Doe hjitte him de machtige Kristus
te gean him temjitte;
hy wie dalik beret,
stoep fan it skip
en mei striden gong er
fuort nei syn frana ta.
De floed droech de man
troch de macht fan God;
oant er yn syn moed begûn
te eangjen foar it djippe wetter,
as er oankommen seach
de weach mei de wyn;
omwâlen him de floeden
fan de hege stream ringsom.
En krekt as er wankte yn syn hert,
sa wiek him it wetter wei
en hy yn ’e weach
sonk yn ’e seestream,
en hy rôp dêrop dalik
mei drift oan de Gods soan
en mei oandrang bidde
dat er him rêde
no’t er yn need wie,
de kriichsfeint yn benaudens.
 
 
Fersen 29582966
 
Doe naam him de almachtige,
de hillige by de hannen;
doe waard him wer ’t lottere wetter
fêst ûnder ’e fuotten
en hja tegearre te foet
beide gongen,
oant hja oer skipsboard
stapten út de stream,
en oan ’e stjûne siet
fan alle bern it bêste.
Doe waard it brede wetter,
de stream, bestille
en hja oan ’e oere kamen,
de see-befarders,
te lân meiinoar
út de wetters woedzjen.
 
 
DE YNTOCHT YN JERUZALIM
 
Fersen 36723734
 
Doe berikte
de bringende Kristus,
de goede, Jeruzalim;
kaam dêr him temjitte
mannich manskip mei wille,
wolgenegen;
ûntfongen him feestlik
en foar him bestruiden
de wei mei gewanden
en krûden tegearre;
mei strieljende blommen
en beammetûken,
it fjild mei palmen
wêr syn feart him fierde,
de wei dy’t Gods soan
woe begean
nei de glânzjende boarch.
Omringe him de skare,
de ljuwe yn lusten;
en lofsang liet rize
de manskip mei wille.
Hja seinen de Wâldende tank
dat sels hy kaam,
de soan fan David,
om te gean ta de manskip.
Doe seach de wâldende Kristus,
de goede, te Jeruzalim,
de bêste der minsken,
blinken de boarchwâl,
it bou fan de Joaden,
de hege hoarnsealen
en ek it hûs Gods,
fan al it wijde it meast bekoarjend.
Doe wâlde yn him
fieling om ’t herte;
doe koe net it hillige bern
it skriemen keare
spriek folle wurden
smertlik bedroeve,
it moed wie him swier.
‘Wea dy, Jeruzalim’ sei er,
‘datsto yn wierheid net wiste
de needlotsbeskikking,
dy’t dy noch sil komme;
hoest’ omringe silst wurde
mei legers krêft,
dat dy sill’ besitte
grammoedige mannen,
fyant mei folken;
dan silst frede net hawwe,
gjin skut by de minsken.
Hja komm’ hjir mei mannige
oerden en aksen;
roppen fan oarloch
ferneat’get dyn foltsskip;
fjoer en flammen
ferwoest’gje dizz’ wenten;
de hege muorren
falle ta moude;
gjin klibbe kin bliuwe,
gjin stien op ’e oare.
Woest lizze dyn steeën
om Jeruzalim hinne
fan de Joadeljuwe,
om’t hja net bekenne
dat komd har binne
de takomsttiden;
omt hja twifelmoed hawwe,
net witte dat ta har komt
des Wâldende krêft!’
Gong dan mei de mannichte
de mannene Drochten
yn de glânzjende boarch.
Sa’t it bern Gods
yn Jeruzalim
mei it minskefolk
teach mei it gefolchskip,
waard aller sangen it grutste
oanheve mei lûde stimmen;
mei hillige wurden
loofden hja de Lânwacht,
de minsken mannichte
fan de bern it bêste.
– De boarch wie yn opskuor,
it folk wie yn freze
en hja fregen skielk
wa’t it wol wie
dy’t dêr mei de manskip,
mei de machtige mannichte kaam.
Doe spriek tsjin har in man,
sei, dat dêr Jezus Kristus
fan Galilealân,
fan Nazarethboarch,
de bringende, kaam,
de wize wier-sizzer,
de manskip ta helpe.
Doe waard it de Joaden,
dy’t gram al him wiene,
grimefol yn it herte
en slim te moede,
dat de ljuwe him sa folle
lofgesang reden,
har Drochten loofden.
Doe gongen doldrysten,
dat hja de wâldende Kristus
tasprieken mei wurden,
en fregen dat er syn folchskip
swijen hjitte,
de ljuwe tsjin gûn,
dat hja him lof sa folle
mei wurden net joegen,
‘dat is dizze manskip,’ seinen hja,
‘leed,
dizze boarchlju.’
Doe spriek Gods bern dêrop
‘As jimme har lette,’ sei er,
‘dat hjir net meie de minskebern
des Wâldende krêft
mei wurden love,
dan sille it dochs roppe
hurde stiennen
foar dizze foltsskip,
sterke rotsen;
ear’t it ea net sil barre
dat men syn lof sprekt,
wiid oer dizze wrâld.’

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *