DE DREAM FAN IN LOKKICH LIBBEN IV

DE DREAM FAN IN LOKKICH LIBBEN IV
 
Fierwei yn ’t west stiet lyts in seil
En hâldt myn tinzen jimmer fêst,
It seil is brún, de loft is ljocht,
De blanke see leit yn ’e rêst.
 
De blanke see leit yn ’e rêst
De skipper stjoert it boat sa licht,
Der is oan ljochte westerkym
In heech en wûnder lok yn ’t sicht.
 
Der is in wûnder lok yn ’t sicht,
In lok fan ljocht en moaie dei,
Fan dreamen út in jonge tiid ….
En de see is as in himmelwei.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *